Fergaderje sûnder papier

06 apr 2011 - 22:01

Provinsjale steaten hawwe woansdei foar it earst in gearkomste hâlden sûnder papier. De steateleden krije yn dizze nije steateperioade de stikken net mear op papier oanlevere, mar se hawwe allegear in tablet, in soarte fan miny-laptop, krigen dêr't se de stikken op lêze kinne, mar ek notysjes op meitsje kinne.

De provinsje wol sa net allinnich besunigje op papierkosten, mar ek stimulearje dat alle ynformaasje foar elkenien sintraal beskikber is.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)