Tûzenen definsjebanen fuort

06 apr 2011 - 20:17

De ministerried nimt freed in beslút oer de besunigings by definsje, mar woansdei lekte al út dat der nei alle gedachten tûzenen twongen ûntslaggen falle sille. Goed ynljochte boarnen hawwe dat melden oan de NOS. Alle tanks ferdwine en ek de Cougar-helikopters en in oantal F16's. Wat de gefolgen wêze sille foar de fleanbasis yn Ljouwert is noch net bekend.

De fakbûnen binne fûl tsjin de plannen en freegje har ôf wat der úteinlik noch oerbliuwt fan it Nederlânske leger.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)