Bajonet út museum stellen
Ut it Fersetsmuseum yn Ljouwert is in Japanske bajonet stellen. It is mei it museumwykein bard. In dief hat snein tusken alve en trije oere de bajonet út de kolleksje stellen.
De plysje hat in ûndersyk ynsteld. Se freegje minsken dy't wat fertochts sjoen ha dat by it museum te melden. It giet om in saneamd type Arisaka bajonet. Der steane foto's op de webside www.dadergezocht.nl.