Priis foar Kruidhof

De Kruidhof yn Bûtenpost hat in ynternasjonale priisfraach wûn. De botanyske tún hat mei in museum yn Kenia in ûnderwiisprojekt betocht oer in natuerlike wize fan malariabestriding.
Beide musea ha 5700 euro krigen om it projekt út te fieren. Yn beide musea komt in kas te stean, dêr't it projekt yn útlein wurdt mei ynformaasjebuorden. It ûndersyk nei de malariabestriding hat de Kruidhof útfierd mei de universiteit fan Grins.