Jild foar iepenloftspullen

06 apr 2011 - 16:10

It Prins Bernhard Kultuerfûns Fryslân hat goed 65.000 euro subsydzje útkeard oan ferskate Fryske projekten. Sa krije fiif iepenloftspullen in bydrage, lykas dy fan Snakkerbuorren, Jorwert en De Harkema. Yn Ljouwert krijt it projekt 'op audiëntie bij de Friese Nassaus' in bydrage. Dat is in histoaryske kostúmparade troch de grêften fan Ljouwert.

It Prins Bernhard Kultuerfûns wol mei de bydragen de kultuer en it natuerbehâld yn Nederlân stimulearje.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)