Aksje om spulwike te hâlden

Hûndert bern ha woansdei boarte yn de tún fan it gemeentehûs yn Easterwâlde. De manifestaasje wie organisearre om dúdlik te meitsjen dat de fakânsjespulwiken trochgean moatte. Dy wurde al tsientallen jierren hâlden.
De spulwike stiet neffens de organisaasje faai. Der binne ôfspraken makke om de rekreaasje by Appelskea mear te konsintrearjen. Bern yn de boppebou fan in soad skoallen yn Eaststellingwerf dogge al sa'n fyftich jier mei oan de spulwiken.