FD komt op tabloidformaat

06 apr 2011 - 16:03

It Friesch Dagblad komt út op tabloid formaat. Dat giet 13 maaie yn. De lêzers ha oanjûn dat graach te wollen. In soad kranten ha al it lytsere formaat en it hat bliken dien dat lêzers dat makliker yn it gebrûk fine.

Neffens haadredakteur Kooistra jout it tabloidformaat mear rendemint. Minsken lêze mear stikken. Yn in gruttere krante falle lytsere artikels minder op en wurde minder gau lêzen. It tabloidformaat is foar advertearders oantreklik.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)