Kosten opromjen oalje ferhelje

06 apr 2011 - 15:04

Wetterskip Fryslân wol de kosten foar it oprêden fan oalje yn it PM-kanaal ferhelje op it bedriuw Reitsma Recycling. De kosten wurde rûsd op goed 15.000 euro. Der binne hûnderten liters smaroalje yn it PM-kanaal by Koatstertille streamd.

Sûnt moandei wurdt wurke oan it oprêden fan de oalje yn it kanaal en omlizzende wetters. It wetterskip seit dat it giet om oalje ôfkomstich fan Reitsma Recycling.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)