Skoalle De Vogelrijd sil ticht

(argyffoto)
Iepenbiere basisskoalle De Vogelrijd yn De Fochtel hat gjin takomst mear. Dat is de konklúzje fan boargemaster en wethâlders fan Eaststellingwerf. It tal learlingen op de skoalle nimt hieltyd mear ôf en dat wurdt de kommende jierren net better.
Ek de âlden fan de learlingen kieze foar opheffing fan de skoalle. De gemeenteried fan Eaststellingwerf moat noch akkoart gean mei de sluting. De learlingen sille nei de simmer nei in skoalle yn Easterwâlde.