Twangsom driget foar piraten

06 apr 2011 - 12:02

Fryske eterpiraten ha de lêste dagen in warskôgingsbrief mei in twangsom krigen. De 160 piraten wurde mei klam frege har útstjoermêsten op te romjen.

Mei in nije oanpak en folle hegere boetes wol it Agentschap Telecom besykje de geheime stjoerders definityf it swijen op te lizzen. Neffens de ynstânsje is dat nedich om't it tal klachten oer steuring fan yllegale radiostjoerders bot tanimt. Neffens it Agentschap binne goed 200 eterpiraten yn Fryslân aktyf.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)