Simmerdeisfestival yn park

It Simmerdeisfestival yn Drachten is dit jier yn it Slingepark. De ôfrûne fjouwer jier waard it festival hâlden op it Kyriat Onoplein. De organisaasje tinkt dat de muzykoptredens en toanielfoarstellings ek prima yn it opknapte park hâlden wurde kinne.
De gemeente hat in fergunning ferliend. Omwenners binne ynformearre oer mooglik oerlêst. It Simmerdeis festival lûkt alle jierren sa'n 11.000 besikers. De edysje fan dit jier is fan 23 oant en mei 26 juny.