Boete foar ôffal op strjitte

06 apr 2011 - 11:36

De plysje hat tiisdei op It Hearrenfean fjouwer jongeren in boete jûn nei't se blikjes fuortsmiten hiene dy't se dêrnei op strjitte lizze lieten. Der komme de lêste tiid in soad klachten oer jongeren dy't yn it sintrum omhingje en foar oerlêst soargje. De plysje hâldt ekstra tafersjoch.

Yn de Sieversstrjitte seach de plysje it foarfal. In famke en trije jonges (15 en 17) waarden beboete. Se moasten it oprêde.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)