Twadde oerfaller Primera pakt

06 apr 2011 - 09:47

De plysje hat in twadde fertochte pakt foar de oerfal op de Primera yn Ljouwert. It giet om in man (20) út Ljouwert. Hy is de eigner fan de auto dy't brûkt waard nei de oerfal. De plysje hat tiisdeitejûn al by de man oan de doar west mei it fersyk him op it buro te melden. Dat hat er woansdei dien. Hy is dêrby oanhâlden.

Tsjin slutingstiid kamen de oerfallers de winkel oan de Troelstrawei yn en easken jild. Se krigen neat en naaiden út. Ien oerfaller koe al pakt wurde.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)