Ien fertochte oerfal net fûn

06 apr 2011 - 08:10

Ien fertochte fan de oerfal tiisdei op in Primerawinkel yn Ljouwert is noch hieltyd net fûn. Mei in helikopter is fergees nei de man socht. Wol is in wite jas oantroffen dy't fan de man wêze soe. Dy is meinommen foar ûndersyk.

Krekt foar seizen kamen twa oerfallers de winkel oan de Troelstrawei yn en easken jild. Doe't se dat net krigen, naaiden se út. Ien oerfaller, in 24-jierrige Ljouwerter, is pakt.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)