'Frysk stiet ûnder druk'

05 apr 2011 - 23:18

It Frysk yn it fuortset ûnderwiis stiet ûnder druk. Dat seit Jelle Bangma fan it Taalsintrum Frysk. Dit jier dogge 46 learlingen eksamen Frysk en dat tal leit al jierren op itselde nivo. In eksamenklasse bestiet faak mar út in pear learlingen.

Fyftich persint fan de kosten fan de leararen wurdt troch de provinsje betelle. Dat moat mear wurde of der moat mear jild út Den Haach komme. Ek soe nije media faker ynset wurde moatte om it Frysk populêr te meitsjen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)