ING-keunst nei sikehûs Dokkum

It doek 'La bouteille rouge' fan Fon Klement wurdt oerlange
40 wurken út de kolleksje fan de ING-bank binne tenei te sjen yn it Dokkumer sikehûs de Sionsberg. De bank kin troch in nije ynrjochting folle minder keunstwurken kwyt yn de kantoaren. Om de wurken dochs foar it publyk yn it sicht te hâlden, binne de wurken útdield oan 60 ynstellings . De kolleksje dy't oan de Sionsberg skonken is, bestiet út wurk fan Nederlânske grafisy as Jeroen Hermkens, Vincent van Ojen, Fon Klement en Marcel Schellekens.