VVN-priis foar NHL-studinten

Studinten fan de NHL ha de winnende kampanje ûntwikkele foar Feilich ferkear Nederlân. Se ha de kampanje 'Zeg er wat van' dy't suksesvol wie yn Sweden en yn Grinslân fierder ûntwikkele.
De studinten ha in jonge betocht dy't oeral wat fan seit, behalve fan it asosjale gedrach fan syn freonen yn it ferkear. Fierder ha se in webside makke en is der in lespakket betocht foar bern yn it fuortset ûnderwiis.