Armando's nei Princessehof

05 apr 2011 - 15:45

Keramykmuseum Princessehof hat twa fazen fan keunstner Armando kocht. It giet om fazen fan ien meter fyftich heech. De fazen binne no noch ûnderdiel fan syn tentoanstelling 'Het ontembare vuur' yn it museum yn Ljouwert. As dy tentoanstelling kommende snein dien is, krije de twa fazen in fêst plakje yn it museum.

Armando wurket pas sûnt in pear jier mei keramyk en hat neffens it museum al ferskate ymposante fazen makke.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)