Philip Haglund mei fuort

Philip Haglund
Philip Haglund hat fan de direksje fan SC Hearrenfean te hearren krigen dat hy omsjen mei nei in oare klup. De Sweedske middenfjilder komt net langer foar yn de takomstplannen fan de klup.
Haglund kaam yn 2009 oer fan it Sweedske IF Brommapojkarna, mar is der nea yn slagge in basisplak te feroverjen. It kontrakt fan de 24-jierrige Haglund rint noch oant 2014. De Sweed is sels ek ûngelokkich mei de sitewaasje dat hy amper oan spyljen takomt.