Minder minsken yn stedsbus

Ferline jier hawwe goed 200.000 reizgers minder gebrûk makke fan de stedsbussen yn Ljouwert. Dat docht bliken út sifers dy't de provinsje tiisdei bekend makke hat.
Neffens ferfierder Connexxion komt dat troch de studinten fan de NHL, dy't fanwege de nijbou fan de skoalle de bus brûkten om by de dependânse te kommen. Healweis it jier wie de nijbou klear en hoegden de studinten net mear mei de stedsbus.