Nije leppelbekken op Skier

05 apr 2011 - 11:50

Der is in nije koloanje leppelbekken fûn op Skiermûntseach Dat meldt Natuurmonumenten. It giet no noch om seis nêsten, mar der moatte noch in soad fûgels út it suden komme. De ferwachting is dan ek dat de nije koloanje noch foars groeie sil. Oant no ta sieten de fûgels ferspraat op de Oosterkwelder, mar dy sit al grôtfol.

De nije koloanje waard fûn by it oanpakken fan nêsten fan de skiere goes om foar te kommen dat der tefolle fan komme.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)