Frou en bern mishannele

05 apr 2011 - 10:35

In 39-jierrige ynwenner fan de gemeente Menameradiel is troch de plysje oanhâlden. Hy wurdt der fan fertrocht dat hy syn frou en bern mishannele en bedrige hat. De man is fêstsetten en hy hat in húsferbod oplein krigen.

Dat betsjut dat de man de kommende tsien dagen net yn de buert fan de wenning komme mei en yn dy perioade ek gjin kontakt opnimme mei mei syn frou en bern.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)