Meindertsma noch net tefreden

It is noch net útiten by Harkemase Boys
Harkemase Boys en Peter Meindertsma binne it noch net iens oer de ôfwikkeling fan Meindertsma syn kontrakt. Meindertsma krige ferline wike dien, wylst hy koart dêrfoar noch kontraktferlinging krigen hie.
Neffens Meindertsma is it finansjeel noch net regele. Salang't de âld-trainer syn ûntslach noch net regele hat, heart de nije trainer der noch net yn te stappen. Neffens Meindertsma is de nije trainer Wieb Rodenhuis dy ôfspraak net neikommen.