Wapene oerfal yn Stiens

05 apr 2011 - 09:45

Yn Stiens hat tiisdeitemoarn betiid in wapene oerfal west op de Primera oan de Ljipstrjitte. De dieder is sûnder bút útnaaid.

De plysje is in grutte sykaksje begûn en hat ek burgernet ynskeakele. It giet om in donkere man tusken de 25 en 30 jier fan ûngefear 1 meter 70. Hy hie in swarte bifakmûts op en in donkerblau jack oan. De man hat by de oerfal in swart pistoal brûkt. As minsken him sjogge moatte se 112 belje.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)