Skoalle útbaarnd yn Ljouwert

05 apr 2011 - 09:35

In leechsteand skoalgebou oan de Skieringerwei yn Ljouwert is yn de nacht fan moandei op tiisdei foar in part útbaarnd. De brânwacht fan Ljouwert waard tsjin twaen oproppen foar de útslaande brân. Der is in bytsje asbest frijkommen, mar dat leit allinnich op it terrein sels.

De brânwacht koe foarkomme dat it hiele gebou ferlern gie, mar hat wol in oantal oeren dwaande west om de brân ûnder kontrôle te krijen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)