Ynfo aptekers medisyngebrûk

04 apr 2011 - 17:23

Minister Schippers fan folkssûnens wol dat Frykse aptekers mear te witten krije oer it medisyngebrûk fan pasjinten. No is it sa dat ûnder oaren húsdokters wol medisinen foarskriuwe, mar dat de apteker net altyd wit wêrom't de pasjint dy krijt.

Deselde medisinen kinne soms foar ferskate sykten brûkt wurde, mar de dosearring is dan oars. As der flaters yn makke wurde, kin dat derfoar soargje dat de pasjint noch siker wurdt.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)