Ron Jans net bliid mei Roorda

04 apr 2011 - 16:35

SC Hearrenfeantrainer Ron Jans is net bliid mei de wize wêrop't Geert Arend Roorda him sneon bejubelje litten hat troch it Fryske publyk. Roorda makke twa doelpunten foar Excelsior, dat ûnder oare dêrtroch mei 3-2 wûn fan Hearrenfean.

It publyk song Roorda nei ôfrin minutenlang ta en de middenfjilder fierde it feestje wiidweidich mei. 'Niet verstandig en overdreven', sa liet Jans witte oan Radio 1 Langs de Lijn.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)