12 jier en TBS yn saak Monsma

04 apr 2011 - 15:39

Tsjin de 25-jierrige man dy't yn juny foarich jier Suzanne Monsma út Dokkum om it libben brocht, is 12 jier sel en TBS easke. Neffens de offisier fan justysje is de man in 'gevaar voor de samenleving'.

It feit dat er Suzanne, neidat er har mei in hammer fermoarde hie, seksueel misbrûkt hat, wurdt net yn de strafeask meinommen. Wol is it "verzwarend" yn de eask fan it iepenbier ministearje, sa waard moandei sein.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)