Lytse swan en eiderein efterút

It giet noch altyd min mei de lytse swan yn Nederlân. Dat docht bliken út wiidweidige tellingen fan SOVON fûgelûndersyk, ûnderoaren yn it Lauwersmargebiet. Alle jierren wurde der 6 persint minder fan dizze wetterfûgels teld. Dat komt omdat de lytse swannen yn har briedgebiet yn Ruslân te min jongen grutbringe kinne.
Yn it nije fûgelwetterrapport fan SOVON stiet ek dat it min giet mei de eiderein op de Waad- en Noardsee. Mei in protte guozzen giet it just wól goed.