Eigen lieten Frysk Lieteboek

04 apr 2011 - 12:49

It nije Frysk Lieteboek moat mear eigen Fryske lieten krije. Dat fine in soad minsken dy't ôfrûne wykein oanwêzich wiene by Krúspunt. Dat is in platform dat him dwaande hâldt mei de tsjerke en de Fryske taal.

Der is al in Frysk lieteboek, mar dat is in kopy fan it Nederlânsk lieteboek foar de tsjerken. Der stean hast gjin eigen Fryske lieten yn. Yn 2012 komt der in folslein nij Nederlânsk lieteboek en der wurdt op 'e nij wurke oan in Fryske oersetting dêrfan.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)