Konifearebrannen yn Drachten

04 apr 2011 - 10:00

Yn Drachten binne sneintenacht op twa plakken konifearen yn de brân stutsen. Dat wie oan de Wimerts en oan de Moezel. Oan de Wimerts gong de hage oer in lingte fan 25 meter yn flammen op.

De brânwacht wie gau te plak en koe tefoaren komme dat it fjoer oersloech nei it hûs. De plysje stelt in ûndersyk yn.

Trefwurden: 
argyf
(Advertinsje)
(Advertinsje)