Man wegeret taksy te beteljen

03 apr 2011 - 17:36

In 32-jierrige Deinumer is sneontenacht oanhâlden foar it net beteljen fan in taksyrekken fan 90 euro. De man hie himsels fan It Hearrenfean nei Stiens ride litte. Mar doe't it oan beteljen ta wie, kaam de taksysjauffeur foar de winige doar.

De Deinumer hie in aardich sneedsje yn it ear fan drank of oare middels. Hy woe net meiwurkje en waard obsternaat. Op it plysjeburo misledige er ek noch plysjeminsken. De Deinumer is ynsletten om nochter te wurden.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)