Plysje foar de holle slein

In 24-jierige ynwenner fan It Hearrenfean is sneontenacht oppakt foar mishanneling fan in plysje en it fernielen fan in autorút. De plysje waard oproppen foar in rûzje, mar dêr oankaam wie dy al foarby. Wol wie in rút ynslein.
De dieder koe op oanwizing fan tsjûgen fûn wurde. Doe't de plysjeminsken him oanhâlde woene, sloech de man ien fan beiden yn it gesicht. De fertochte is oerbrocht nei it plysjeburo.