Twa famkes (18) slaande deilis
In rúzje tusken twa 18-jierige famkes is sneontenacht yn in hoarekagelegenheid yn Drachten alhiel út de hân rûn. De iene gie op 'e dûnsflier foar de oare stean en sloech har mei in glês op de holle. Dêrop ûntstie slaanderij.
Meiwurkers fan de hoarekagelegenheid hawwe beide famkes útelkoar helle en de plysje belle. Dejinge dy't mei it glês slein hie, is troch de plysje oanhâlden.