Gefaarlike ein op Ofslútdyk
Op de Ofslútdyk binne sneintemoarn sân minsken ferwûne rekke troch in oanriding mei in ein. De fûgel fleach tsjin it rút fan in buske dat ûnderweis wie nei Fryslân. De bestjoerder skrok sa bot dat er de macht oer it stjoer kwytrekke. It buske klapte tsjin de fangrail.
Alle sân ynsittenden rekken ferwûne by it ûngelok, benammen troch opspattend glês. Se binne allegearre oerbrocht nei it sikehûs.