Muzykstik útsteld om fûgels

03 apr 2011 - 12:46

De premjêre fan it stik WetterKâld fan muzikante Reina Rodina wurdt ferskood. Dat is dien omdat de oarspronklike datum yn maaie midden yn it briedseizoen falt en der mooglik sprake wêze sil fan fersteuring. Der is no keazen foar de nacht dy't folget op de langste dei, 21 juny.

WetterKâld is de earste solofoarstelling fan Rodina. Se sjongt en bespilet sels ek ynstruminten. Boppedat brûkt se lûden út de natuer.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)