IJB Groep wol nije loswâl

03 apr 2011 - 10:26

In diel fan de yndustriehaven fan De Lemmer wurdt mooglik dimpt. It giet om in stik fan sa'n 2600 kante meter, by it terrein fan de IJB Groep. Dat bedriuw is fan doel yn de takomst mear produkten oer it wetter te ferfieren en wol dêrom in nije loswâl oanlizze foar skippen. Om dy te realisearjen is it dimpen fan it stik haven nedich.

Rykswettersteat hat him yntusken akkoart ferklearre mei it foarstel, de gemeenterie fan Lemsterlân moat dat noch dwaan.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)