Konferinsje yn Rinsumageast

Multyfunksjoneel sintrum De Beijer yn Rinsumageast is ein maaie de lokaasje fan in ynternasjonale konferinsje oer it plattelân. Dy konferinsje giet út fan Vital Rural Area, in projekt dat omtinken freget foar de takomst fan it plattelân.
Yn Rinsumageast sil benammen praat wurde oer de sitewaasje foar jongeren. Dat wurdt ûnder oare dien troch boargemaster Waanders fan Dongeradiel en de jonge ynternetûndernimmer Ben Woldering.