Earste echte simmerdei

Foto: Omrop Fryslân
Fryslân belibbe sneon de earste echte simmerdei. Mei temperatueren fan goed 20 graden wie it - seker út de wyn - poerbêst út te hâlden. Terraskes sieten grôtfol, bygelyks yn Harns. Boatsjeminsken koenen it wetter ek wer op.
Hiel útsûnderlik is sok moai waar sa betiid yn de maitiid net. De lêste kear dat it begjin april boppe de tweintich graden kaam, is wol alwer goed tweintich jier ferlyn. Snein is it foarearst oer mei it moaie waar.