Moddergat: rêdingsboat werom

02 apr 2011 - 15:46

It fiskersdoarp Moddergat hat der aanst in nije attraksje by. It giet om de rêdingsboat de Buma 2. De âlde, houten boat is sûnt in wike werom yn it doarp. De Buma 2 hat dêr oant 1942 tsjinst dien. Doe krige it eilân Skiermûntseach in motorrêdingsboat.

It bestjoer fan museum It Fiskershúske hat de âlde rêdingsboat weromhelle nei it doarp. Hy moat noch wol restaurearre wurde. Earder waard yn it doarp ek al in replika fan in Wierumer aak boud.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)