Buorlju op besite yn museum

02 apr 2011 - 15:22

It is wer museumwykein, dit jier al foar de 30ste kear. Dêrom mochten de buorlju fan it Fries Museum freedtejûn al delkomme om te sjen. Guon hawwe der noch nea west en foar oaren it is sa lang lyn dat se net mear witte hoe't it museum der fan binnen útsjocht.

Musea yn oare plakken hielendal kinne, mar yn it museum neist de doar eins noch nea west. Dat jildt foar de Ljouwerter Piet Visser. Hy is yn it Fries Museum mei syn Meksikaanske frou Liliana Araiza.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)