Boat skoot achterop auto

02 apr 2011 - 14:51

De Drachtster brêge yn Ljouwert hat sneon oan 'e ein fan 'e moarn eefkes ôfsletten west. In auto mei dêrachter in boat op in trailer hie in ûngelok. De 71-jierrige bestjoerder út Goutum moast bot remje. Dêrtroch begûn de boat achterop de auto te skowen. De boat kaam tsjin de achterkant fan 'e auto oan.

Der moast in bergingsbedriuw oan te pas komme om de boat út de auto te lûken.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)