Ekstra kontrôle op brommers

02 apr 2011 - 13:37

Brommerriders dy't te hurd ride of sûnder helm wurde der de kommende wiken ekstra gau útpikt troch de plysje. Ien en oar is ûnderdiel fan in lanlike kampanje dêr't it benammen yn giet om ferkearsgedrach yn 'e bebouwde kom.

It ekstra omtinken foar brommers set dit wykein út ein. In pear kilometer te hurd ride kin by in ûngelok al soargje foar ferwûnings mei mooglik de dea as gefolch, neffens de plysje.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)