Lêstige, dronken automobilist
De plysje hat freed yn Twizelerheide in 33-jierrige man út Kollumersweach oanhâlden. Hy siet dronken achter it stjoer. De plysje seach de man riden en wist dat er oant july syn rydbewiis kwyt wie. Hy wie dus dêrfoar ek yn oertreding.
By syn oanhâlding aksele de man bot tsjin. Der moast pepperspray brûkt wurde om him yn de boeien slaan te kinnen. De lêstige, dronken man is doe meinaam nei it buro.