Siik op it buro
In arrestant fan de plysje is freedtejûn op it buro yn Drachten net goed wurden en nei it sikehûs brocht.
De 18-jierrige jonge wie earder oanhâlden op de Kaden, omdat er ûnder ynfloed fan drank of drugs wie. Hy hie ûnder oare in koplampe fan in auto stikken skopt. De plysje hie him dêrom meinaam nei it buro. Dêr rekke er út de tiid.