Auto botst tsjin beam
In man 20 jier út Nijlân is freedtemiddei op de Tolhek yn Ysbrechtum ferwûne rekke by in ûngelok. De man soe ynhelje, mar hie dêr te min romte foar. Dêrom moast er bot remje en doe ferlear er de macht oer it stjoer.
De man botste tsjin in beam en bedarre dêrnei yn de sleat. De man is mei de ambulânse nei it sikehûs brocht.