Protest tsjin besunigings

02 apr 2011 - 10:12

Ynwenners fan Hurdegaryp en Gytsjerk hawwe sneontemoarn protestearre tsjin de driigjende besunigings fan de gemeente. Dêrtroch driigje ûnder oare de bibleteek yn Hurdegaryp en it swimbad yn Gytsjerk te ferdwinen. De rie sil der úteinliks in beslút oer nimme moatte.

Sneontemoarn kamen de riedsleden byelkoar yn it gemeentehûs foar in ynspraaksessy. Elk koe dêr syn ferhaal dwaan oer wêrom't bepaalde besunigings net trochgean moatte.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)