Wurk oan spoar by Wolvegea

Reizgers dy't mei de trein fan Ljouwert nei Meppel wolle, dogge sneon langer oer har reis. Fanwege wurk oan it spoar ride der tusken it Hearrenfean en Wolvegea gjin treinen mar bussen. Tusken Ljouwert en it Hearrenfean en Wolvegea en Meppel ride stoptreinen ynstee fan intercitys.
De reis duorret troch it wurk sa'n 15 oant 30 minuten langer. De ekstra reistiid jildt oant jûns seis oere.