Bill Clinton komt nei Achlum

Ald-presidint fan Amearika, Bill Clinton, komt ein maaie nei Achlum. Clinton sil sprekke op in konvinsje fanwege it 200-jierrich bestean fan fersekerder Achmea. De konvinsje wurdt hâlden yn Achlum, omdat it bedriuw dêr oprjochte is.
Doel fan de gearkomste is it besprekken fan wichtige maatskiplike kwestjes mei Nederlânske boargers. Clinton hâldt him ûnder oare dwaande mei it bestriden fan obesitas by bern.