Cambuur lit winst lizze

01 apr 2011 - 22:39

SC Cambuur hat fersomme om de útwedstryd tsjin Veendam te winnen. De Ljouwerters spilen de earste helte in goede wedstryd en kamen op in 1-0 foarsprong troch in penalty fan Reza. Yn de twadde helte wie it wat minder. Veendam kaam yn de sechtichste minuut op 1-1 troch Angelo Cijntje.

Trainer Henk de Jong krige in reade kaart. Hy treau de skiedsrjochter by in protest doe't dy gjin penalty joech foar in oertreding op Mark de Vries. Cambuur bliuwt fyfde op de ranglist.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)